Sniksweach fiert 700-jierrich bestean

11 jul 2015 - 13:10
  • Sniksweachsters Harry de Hoog en Luuk Hazelhoff

Sniksweach bestiet 700 jier en dêr wurdt hjoed folop by stilstien. It plakje mei mar 68 ynwenners ûnder de reek fan De Jouwer ferwachtet sneontemiddei sa'n twahûndert minsken op de reüny en jûn is der noch in grut feest in de tinte yn Sniksweach. Fan 'e middei wurdt der ek noch in boek presintearre oer 700 jier Sniksweach. It boek soe earst hûndert siden dik wurde, mar is úteinlik troch in protte materiaal twahûndert siden wurden. It boek is skreaun troch Freark Ringnalda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)