Snieûle Flylân is dea

02 mrt 2014 - 16:12
  • De deade snieûle fan Flylân

Ien fan de twa snieûlen dy't op Flylân wienen, is dea. Dat hat Steatsboskbehear op it eilân bekend makke. Op it Waadeilân fleach sûnt begjin dit jier in ûle om. Letter kaam dêr noch ien by.

Ien fan dy twa is no dea fûn. It is net dúdlik wat de deadsoarsaak is, mar de fûgel liket al wat langer dea te wêzen. Omdat de snieûle behoarlik fergien is, kin de fûgel net opset wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)