Snieslachtoffers en sniewille

17 des 2009 - 11:22
  • It hynder hat sniewille (foto: fam. De Jong, Tsjalbert)

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne oant no ta sân snieslachtoffers binnenkaam. It giet benammen om minsken dy't fallen binne en dêrby ferwûnings oprûnen lykas in stikkene earmtakke, kniesde knibbels en skouders. Ien persoan hat by in fal de heup brutsen. De measte minsken kinne nei wer nei húsbehanneling sa is de ferwachting.

Neist ûngemakken jout de snie ek fertier mei sliden, sniepoppen, snieballen en frij fan skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)