Snieskower út it wetter helle

27 des 2010 - 17:48

De 'Lelijke Eend' mei snieskower fan de iiswegesintrale Idaarderadeel is wer boppe wetter. De auto wie earder troch it iis sakke by de brêge oer de Wergeasterfeart. De iisdikte wie foldwaande neffens de iiswegesintrale, mar troch it teiwaar is it nei alle gedachten bros wurden.

Moandei is de auto der wer úthelle. Dat foel net ta om't de Wergeasterfeart twa meter djip is. In kraanwein út Grou hat de snieskower op it droege set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)