Snieskooter ynset by toertocht

26 jan 2013 - 15:00
  • snieskooter

De ferskate toertochten yn de provinsje binne sneon sûnder grutte problemen ferrûn. In tal minsken rekke licht ferwûne by falpartijen. Op de Brekken by Snits brûkten ambulânse-meiwurkers de snie-skooter. It wie foar it earst dat dy yn de provinsje ynset is op it iis. Achter de scooter is in brankaar befestige om de pasjint nei de ambulânse te ferfieren. It ambulânseteam moast moarns twa kear útrukke. It gie om in rider mei in brutsen earm en in rider ferwûne oan de knibbel. Ek by de oare toertochten rekke in tal minsken licht ferwûne.

De earste ûnderfinings mei de snieskooter binne posityf, de helpferlieners kinne oer it iis hiel fluch nei in slachtoffer ta ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)