Sniebalgoaiers oppakt

15 jan 2010 - 11:14

Trije ynwenners fan Frjentsjer, twa fan 23 en ien fan 22 jier, binne oppakt omdat se mei snieballen it rút fan in wenning yn de Thomas de Grootstrjitte yn har wenplak bekûgelen.

Earder dizze wike hie it trio al in rút fernield by itselde hûs. Doe't de plysje der oan kaam, waard ek de plysjeauto mei snieballen bekûgele. De trije manlju binne oanholden foar fernieling en baldiedigens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)