Snie: topdrokte foar Omrin

21 des 2009 - 17:19
  • Ljouwert en omkriten fan de Achmeatoer ôf

De snie soarget foar drokke dagen by Omrin. Net allinnich moatte se soargje foar it snie- en iisfrij meitsjen fan de diken, mar ek de smoargens moat ophelle wurde. Op de measte plakken slagget dat, al freget dat wol ekstra ynspannings fan de wurknimmers. Sa is it in toer om by de bakken te kommen en as se te berikken binne moatte se ek noch út de snie weilutsen wurde.

It materiaal wurdt yntinsiver brûkt. De auto's dy't ornaris ôffal ophelje wurde no ek ynset as snieskower.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)