Snie leit hertejacht stil

10 feb 2009 - 10:20

De jacht op de edelherten op Skylge is yn ferbân mei de snie op it eilân foarearst stillein. Neffens in wurdfierder fan it ministearje fan lânbou ferskûlje de herten harren yn de bosken en binne se net te finen.

Minister Verburg fan Lânbou hat juster besletten dat de njoggen herten dy´t op it eilân loslitten binne, ôfsketten wurde moatte. Juster is mei de jacht út ein setten en der is yntusken ien bist deasketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)