Snie komt letter

07 des 2012 - 06:27
  • Snie op de sneldyk
  • De snieskowers fan Omrin steane klear
  • Snieskower yn aksje op de Nijstêd

De ferwachte snie falt freed letter as foarsein wie. Allinnich yn Seelân foel freedtemoarn betiid in soad snie. Der kin yn Fryslân sa'n tsien sintimeter snie falle, is de ferwachting. Der stiet in hurde wyn, wêrtroch der kâns is op sniedunen.

De snie soarget noch net foar in soad oerlêst. De diken binne oer it algemien ridlik skjin. It iepenbier ferfier hat der ek net in soad hinder fan. Ferfiersbedriuw Qbuzz seit dat reizgers rekken hâlde moatte mei in ekstra reistiid fan in kertier. Connexxion meldt dat der gjin ritten útfalle.

Ek de treinen fan Arriva ride neffens tsjinstregeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)