Snie jout gjin ferkearsoerlêst

29 des 2005 - 15:06

De snie dy't yn de nacht nei tongersdei fallen is, hat net foar in soad oerlêst op 'e diken yn Fryslân soarge. Omdat de measte minsken fakânsje ha, is it net sa drok op 'e dyk. Mar dêrtroch wurde de wegen ek net skjinriden.

Oeral yn 'e provinsje wurdt hurd wurke om alles wer sniefrij te meitsjen. Autobestjoerders moatte noch wol wach wêze, om't it op plakken sniejaget en der pleatslik mistbanken foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)