Snie: hege sjoch- en harksifers

03 mrt 2005 - 15:38

De helte fan alle Friezen hat woansdei nei Omrop Fryslan Televyzje sjoen. De belangstelling foar de útstjoering foar de radio en oer ynternet wie ek folle grutter as oars. De Omrop is plat belle mei nijs en ynformaasje oer de gefolgen fan de ûnferwacht grutte sniefal fan tiisdeitenacht.

De radio hie fan moarns seis oant jûns seis yn in oanpast program. De ekstra tv-útsjoerings fan 1 en 4 oere lutsen in rekordtal sjoggers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)