Snie: fuotbalwedstriid giet oer

29 jan 2004 - 00:00

De wedstriid Ajax-Hearrenfean yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean is woansdeitejûn fanwege de snie net trochgien. Skiedsrjochter Pieter Vink besleat in heal oere fan te foaren dat it spul oer gie.

Der lei safolle snie op it fjild dat de linen net mear te sjen wiene. Boppedat wie it fjild te glêd foar de spilers. De wedstriid wurdt no op woansdei 25 febrewaris ynhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)