Sneuvele Dútsers net markeare

25 apr 2005 - 15:40

Der komme gjin buordsjes mei ynformaasje oer Dútse soldaten dy't yn de gemeente Weststellingwerf by de befrijding sneuvele binne. Der binne te folle protesten by it gemeentebestjoer binnenkommen.

De Vereniging Historie Weststellingwerf woe de plakken markeare dêr't Dútsers sneuvele binne, mar dat giet no dus oer. Weststellingwerf hat al 14 monuminten en der komme op 4 maaie noch fiif by, foar boargerslachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)