Omwaaide beammen ferfongen

12 des 2013 - 06:04
  • Treurwylch stoarm 28 oktober 2013

Tytsjerksteradiel hat in soad wurk fan it opromjen fan de omwaaide beammen fan de oktoberstoarm. De gemeente hopet foar de kryst alle beamstobben fuorthelle te hawwen. Pas takom jier kinne de nije beammen plante wurde. Mei de hjerststoarm binne in opfallend grut tal sûne en byldbepalende beammen omwaaid. It giet om sa'n 250 beammen, mei elk in wearde fan hast 1000 euro it stik.

In hiel soad fan dizze beammen kinne net op itselde plak herplante wurde om't der in soad kabels en liedings yn de grûn lizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)