Sneue oaljefant yn sirkus Fean

18 sep 2012 - 22:01

De bistebeskerming ropt de gemeente Hearrenfean op gjin fergunning mear te jaan oan sirkussen mei wylde bisten. Op it stuit hat it sirkus Renaissance syn tinten stean op It Fean. Neffens de bistebeskerming giet it hielendal net goed mei de oaljefant Betty fan dat sirkus, fanwege 'earnstich ferstoard wolwêzen'. Troch groanyske stress fertoane sirkusbisten as Betty ôfwikend gedrach - sa as oeren lang ritmysk hinne en wer skommelje, seit de Bistebeskerming.

Noch in soad sirkussen hâlde wylde bisten, mar de Bistebeskerming seit dat sirkuslibben yn striid is mei it wolwêzen fan sokke bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)