Sneu nijs oer Alvestêdetocht: It giet net oan

19 feb 2016 - 09:54
  • Inisjatyfnimmer fan de Facebook-Alvestêdetocht Johan Berga (l) en Rick Schipper (r)
  • By de start fan de Alvestêdetocht wie it wol wat iensum foar ús ferslachjouwer

Sneue bak foar de tûzenen Facebookers dy't de Alvestêdetocht ride soenen freed. It wie in ferlitten terrein freedtemoarn, by it startpunt fan de tocht by de Elfstedenhal yn Ljouwert.

Op Facebook waard ein foarich jier foar de grap in evenemint oanmakke: de Alvestêdetocht. En dat wie in sukses. Mar leafst hast 40.000 minsken melden harren digitaal oan, 11.000 twivelen noch. Om fiif oere fan 'e moarn soe it dan losgean. 

Der wie al net sa’n soad fertrouwen yn: “Blikskaters, wil een ieder al zijn ijsblokjes, ijsjes etc. met de hoogste spoed in de 11stedenroute gooien! Dan kan alles nog even aan elkaar vastvriezen”, jout Sjoerd Veenstra as tip op de Facebookside fan it evenemint. “Ik zag vanmorgen nog heel veel kluunplekken”, poste Geert Nieveen.

Minsken hiene nochal wat redenen om net te kommen. Fan “Ik kan mijn baas maar niet duidelijk maken dat ik om deze reden verlof wil” oant “Het wordt mij te druk hoor. 38,4 duizend mensen die gaan, en ook nog eens 11 duizend misschientjes. Ik denk niet dat het ijs dat houdt morgen. Ik blijf thuis. Ga het wel de hele dag op tv kijken natuurlijk.“ 

It mei dúdlik wêze: it giet echt net oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)