Sneu ferlies foar SC Hearrenfean

25 nov 2005 - 16:18

SC Hearrenfean hat de tredde UEFA kupwedstryd mei 1-0 ferlern fan Olympique Marseille. Lang sêch it der nei út dat it in lykspul wurde soe, mar yn de 88ste minút fersierden de Frânsen noch in strafskop.

Der hie mear ynsitten foar de Feansters, Foaral Samaras hie in pear goeie kânsen. Hearrenfean stiet no op in fjirde plak yn de poule. Klaas Jan Huntelaar foel yn de earste helte út mei in blessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)