Snertpriis nei Skylge

16 feb 2007 - 20:37

Kees Stada fan Skylge is freed by it wrâldkampioenskip snert siede en stampot meitsje yn Grins yn de prizen fallen. Stada helle by it snert sieden de earste priis by de amateurs.

Oan de wedstryd dienen fyftich minsken mei, it giet neist amateurs om profesjonele koks. By dy lêsten wûn de jongste dielnimmer, de 18-jierrige Renate de Vries út Hoogezand. It kampioenskip waard foar de tretjinde kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)