Sneonsmerk mooglik op oar plak

10 okt 2000 - 19:02

De merk op sneon yn Ljouwert komt mooglik op in oare lokaasje. De wyklikse merk dy't Op de Kelders en Foarstreek hâlden wurdt, moat yn alle gefallen tydlik nei it Waagplein ferhúzje om't de Foarstreek op 'e nij ynrjochte wurdt.

De gemeente tinkt deroer om it plak fan de sneonsmerk definityf by de Waag te hâlden. De merkkeaplju binne dêr posityf oer. In definityf beslút folget letter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)