Sneon twa toertochten

12 feb 2010 - 10:28
  • De organisaasje yn Earnewâld is drok dwaande mei de tariedings

Der wurde sneon twa toertochten fan 6 oant 40 kilometer ferriden. IIsklup Lyts Begjin fan Earnewâld organisearret in tocht fan 20 of 40 kilometer. De tocht giet troch de Alde Feanen. Op de Lytse Wielen kin ek riden wurden. Dêr binne ôfstannen fan 6 oant 24 kilometer. De ronde fan de Kleine Wielen is foar it lêst ferriden yn 1997. It iis is no 12 oant 16 sintimeter dik en fan goeie kwaliteit.

Op snein is by Himmelum de Fûgelhoeke-toertocht oer 15, 30 en 60 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)