Sneon start wenoffinsyf

14 feb 2014 - 07:59
  • Hús te keap

Deputearre Hans Konst hopet dat it wenoffinsyf dat sneon begjint foar sa'n 300 ferkochte huzen soarget. Konst basearret him dêrby op sifers út Drinte, dêr't earder ek in aksje hâlden waard om de wenningmerk in stimulâns te jaan. It giet by it wenoffinsyf benammen om huzen ûnder de twa ton, dêr stean op dit stuit sa'n 5500 fan te keap.

It wenoffinsyf duorret fjouwer wiken. Yn dy tiid jildt in leger makelerstaryf en binne der bygelyks ekstra subsydzjemooglikheden. Boppedat organisearret in grut tal gemeenten op de startdei in wenningmerk.

Freed yn Bynt mear oer 'Fryslân Woonoffensief' mei ûnder oaren inisjatyfnimmer en makeler Albrecht Kok en finansjeel adviseur Jan Bruin.

Gean nei de webside fan 'Fryslân Woonoffensief'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)