Sneon ekstra opheldei Rendac

05 aug 2004 - 17:23

Kadaverferwurkingsbedriuw Sonac yn Sumar, it eardere Rendac, sil ek no sneon kadavers ophelje. Gewoanwei hellet it bedriuw allinnich troch de wike deade bisten op. Mar troch it waarme waar wurdt der sneon ekstra riden. Dêr komme dan allinnich grutte lânboubisten foar yn oanmerking.

Lytse kadavers fan bygelyks bargen en plomfee moatte yn in tonne stoppe wurde. Dêr jilde gjin ekstra opheldagen foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)