Sneon earste toertocht

03 des 2010 - 11:33

Op de Jan Durkspolder by Earnewâld is sneon de earste toertocht fan Fryslân en fan Nederlân. IIsklup Lyts Begjin hat in baan útset fan 7,5 en 15 kilometer. De tocht is bedoeld foar famyljes mei bern en net foar fanatike reedriders. Ynskriuwe kin by kemping It Wiid. Der is romte foar maksimaal 3000 dielnimmers.

Lyts Begjin wie ferline winter ek de earste dy't in toertocht útskreau. It is de earste kear dat de iisferiening sa betiid yn desimber in tocht hâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)