Sneon 3de Fryske feteranedei

14 jun 2010 - 10:01

Yn it WTC-Expo yn Ljouwert wurdt no sneon foar de tredde kear de Fryske regionale feteranedei holden. Mei-inoar 24 gemeenten dogge oan dizze dei mei. Der wurde sa'n tûzen feteranen ferwachte. Under oare kommissaris fan de keninginne Jorritsma, ferskate boargemasters en in tal hege legeroffisieren binne op de dei oanwêzich.

Fierder is der noch in optreden fan 'e keninklike militêre kapel en binne der ferskate tentoanstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)