Sneltsjinst Easterwâlde - Assen

16 maaie 2001 - 00:00

Arriva komt mei in sneltsjinst fan Easterwâlde nei Assen. Mei yngong fan de nije regeling fan 1 july ôf sil de bus ride. De ferbining komt dêrmei op fersyk fan de gemeente Eaststellingwerf in jier earder ta stân.

De reistiid wurdt mei tsien minuten werombrocht nei in healoere. De sneltsjinst betsjut in belangrike ferbettering fan it ferkear yn Súd-East Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)