Sneltsjinst Doeksen fart wer

17 feb 2012 - 14:18
  • De Koegelwieck

De tsjinstregeling fan rederij Doeksen is mei yngong fan sneon wer normaal. Dat betsjut dat de sneltsjinst ek wer fart. Dy wie in skoft út de feart fanwege de froast. Der lei sa'n soad iis yn de Waadsee dat de sneltsjinst net farre koe.

Ek de gewoane fearboaten hiene dêr hinder fan. Sy giene ek op oanpaste tiden, mar fan sneon ôf wer folslein neffens de tsjinstregeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)