Snelkrakers pakt by MKZ-kontrôle

06 maaie 2001 - 00:00

Dieven hawwe sneontenacht om 3 oere by in winkel yn Drachten in motorscooter bútmakke. De eigner wie wekker wurden fan it leven en hie de plysje belle, mar dy koe gjinien mear fine.

In oere letter waard it buske fan de dieven oanhâlden by in tongblierkontrôle op 'e Ofslútdyk. De ynsittenden krigen it benaud. Twa fan harren spilen fan ruten. De oare twa binne oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)