Snelheidskontrôles yn Fryslân

26 maaie 2006 - 11:36

De plysje hat by snelheidskontrôles de ôfrûne wike yn totaal seis rydbewizen ynnommen. It giet om fjouwer automobilisten en twa motorriders. In ynwenner fan Snits ried fan alle bestjoerders it hurdst.

Hy ried goed 90 kilometer te hurd. Ek in ynwenner fan Flylân drukte it gaspedaal te fier yn. Hy ried op de A32 by It Hearrenfean 87 kilometer te hurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)