Snelheidskontrôles Opsterlân

05 jul 2009 - 15:00

By snelheidskontrôles op trije plakken yn de gemeente Opsterlân binne in lytse trijehûndert minsken bekeurd. De kontrôles waarden dien op oantrunen fan de bewenners sels. By in kontrôle oan de Badwei op De Gordyk rieden 260 bestjoerders te hurd.

Op de dyk mei mar fyftich kilometer yn 'e oere riden wurde. De rapste ried 105 kilometer yn 'e oere. Ek op de Hegedyk by Langsweagen en yn Beetstersweach waarden 120 bestjoerders betrape.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)