Snelheidskontrôle yn de Wâlden

11 mrt 2008 - 10:12

De plysje hat moandei op ferskate plakken ferkearskontrôles hâlden omdat omwenners dêr geregeld lêst ha fan te hurd ridende auto's. Moarns rieden op de Zuiderstationswei yn De Westereen fan de 600 kontrolearre auto's 86 te hurd. Op de Foarwei yn Kollumersweach wiene dat 81 fan de 750 auto's.

Middeis stiene de plysjes op de Wedze yn Twizel. Dêr krigen 36 fan de 200 autobestjoerders in bon foar te hurd riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)