Snelheidsduvel út Boalsert

17 feb 2008 - 14:53

In 44-jierrige man út Boalsert is sneontenacht yn Grins oanhâlden, omdat er as in formule-ien-koereur troch de binnenstêd racete. Hy ried 80 yn in strjitte dêr't er tritich mocht. In eintsje fierder helle er de 112, dêr't er maksimaal fyftich mocht.

De man sette de auto sels op in gegeven stuit oan de kant, sadat de plysje him oanhâlde koe. Omdat er syn rydbewiis net by him hie, is syn auto yn beslachnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)