Snelheidsduvel oanhâlden

05 feb 2010 - 20:40
  • Nei wylde efterfolging hâlden seis plysjes in automobilist oan dy't fierstente hurd ried

In automobilist (22) út Ljussens is tongersdei fan de dyk ôfhelle om't der fierstente hurd ried. Under Kollumerpomp waard mei in laserpistoal in snelheid mjitten fan 127 kilometer yn de oere, wylst 80 de maksimum snelheid op it stik dyk is.

Seis plysjes hawwe de man nei in wylde efterfolging oanhâlden. De jonge autobestjoerder moast syn rydbewiis ynleverje en hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)