Snelheidsduvel by Kollumerpomp

06 maaie 2013 - 10:32

Twa automobilisten moasten snein it rydbewiis ynleverje omdat se fierstente hurd rieden. Op de Kwelderwei by Kollumerpomp hie in man (53) fan Bûtenpost goed 130 kilometer de oere op de teller, wylst 80 dêr it maksimum is.

Letter op 'e middei waard in automobilist (30) fan It Hearrenfean betrape op te hurd riden. Hy ried op it Tolvepaed yn Haskerdiken hast 140 kilometer. Ek dêr is it maksimum 80. Beide bestjoerders waarden oan kant set. Har rydbewiis waard yn beslach naam. De twa hawwe ek proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)