Snelheidsduvel: 171 km op A31

06 mrt 2011 - 14:14

In 20-jierrige automobilist út Hall yn Gelderlân moast sneontemiddei syn rydbewiis ynleverje neidat hy mei 171 kilometer de oere oer de A31 by Marsum ried. In plysjeagint mei lasergun kontrolearre de man en koe fuortendaliks yn de achterfolging.

Op it stik A31 by Marsum mei 120 kilometer de oere riden wurde. Omdat de man 51 kilometer te hurd ried moast hy syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)