Snelheid op Trekwei moat omleech

21 maaie 2003 - 00:00

De maksimumsnelheid op de Trekwei tusken Dokkum en Kollum moat sa gau mooglik nei ûnderen om de dyk feiliger te meitsjen foar fytsers. Dat wie tiisdeitejûn it boadskip fan omwenners oan de provinsje yn Westergeast.

Omwenners en provinsje binne it iens dat der wat oan de dyk dien wurde moat. De provinsje woe earst de minsken hearre. De mearderheid wol dat der minder hurd riden wurde mei en dat der minirotondes komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)