Sneldyk A7 sjippeglêd troch hagelbui

29 jan 2015 - 18:00
  • Plysje

Op de sneldyk de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean wie it tongersdeitemiddei yn beide rjochtingen sjippeglêd as gefolch fan in swiere hagelbui. Dêrtroch ûntstiene der lange files fan boppe de tsien kilometer. De plysje advisearret automobilisten om de snelheid oan te passen yn de swiere buien. Ek de kommende dagen wurde noch de nedige hagel- en sniebuien ferwachte en kin it glêd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)