Snelbus hjit no intercityliner

28 aug 2003 - 00:00

De provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en Flevolân wolle de kwaliteit en werkenberens fan de snelbusferbinings tusken de fiif provinsjes ferbetterje. Dêroer binne ôfspraken makke yn in konvenant. Der komt ien taryf en trije minuten is de maksimale fertragingstiid.

De snelbustsjinsten krije de namme intercityliner. Nammen as de interliner en Q-Liner ferdwine om't se foar betizing by de reizgers soargen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)