Sneintejûn gjin treinen mear

27 okt 2002 - 00:00

Fan 20.00 oere ôf ried der sneintejûn net ien trein mear. NS en Noordned woene de sneintejûn brûke om alle spoarlinen wer folslein frij te krijen fan omwaaide beammen en oar guod.

Ek koene sa de treinstellen wer nei it goeie plak brocht wurde foar de moarnsspits fan moandei. Hûnderten meiwurkers fan 'e spoarbedriuwen hawwe nachts alle baanfakken kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)