Sneinshaadklassers ferlieze

13 des 2009 - 16:19

Haadklasser Snits Wyt Swart ferlear snein yn Malden mei 5-2 fan Juliana '31. Yn 'e earste helte kaam Snits op in 1-0 foarsprong troch Age Hains Boersma. Elwin Kloosterman soarge foar in 2-1 foarsprong foar de Snitsers. By in stân fan 2-2 waard nei in heal oere Arvid Osinga fan it fjild stjoerd. Ýn 'e twadde helte makke Juliana '31 dien wurk en sette nei 90 minuten de 5-2 op it boerd.

De Jouwer ferlear thús mei 2-1 fan Alcides út Meppel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)