Sneinsfuotbal giet mooglik dochs troch yn Frjentsjer

08 jan 2015 - 10:52

Mooglik wurdt der takom seizoen noch gewoan op snein fuotballe by SC Frjentsjer. Yn novimber 2014 naam it bestjoer fan de fuotbalklup it beslút om op te hâlden mei it wedstriidfuotbal op snein, mar dêr is it bestjoer op weromkaam. De doar stiet wer op in kier, sa lit foarsitter Henk Brijker fan de fuotbalklup witte.

Der binne petearen tusken de wurkgroep dy't it sneinsfuotbal by SC Frjentsjer behâlde wol en it bestjoer fan de klup. Foar de ein fan dizze moanne moat der dúdlikheid wêze oer de takomst fan it sneinsfuotbal yn Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)