Snein publyksaksje foar materiaalman Cambuur

16 maaie 2015 - 11:08
  • SC Cambuur

Snein is der in publyksaksje foar de materiaalman fan SC Cambuur. Dy belibbet snein syn lêste wedstriid yn funksje. Siep Lijzenga giet mei pensjoen. Hy hat 28 jier soarge foar de wask en foar it materiaal fan de fuotbalklup. Hy draacht syn taak oer oan Paul Jansen.

As earbetoan oan Siep Lijzenga ropt Cambuur de supporters op om snein ûnder de lêste wedstriid, tsjin Willem II, yn de 28e minút - it tal tsjinstjierren - massaal te applaudisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)