Snein ploegepresintaasje Eneco Tour yn Boalsert

09 aug 2015 - 14:58
  • Danny van Poppel
  • De finish fan de Eneco Tour by Boalsert
  • It poadium fan de ploegepresintaasje yn it sintrum fan Boalsert

Boalsert makket him op foar tophurdfytsen. De Eneco Tour, in grutte koers út de wrâld toer, start dêr moandei. Njoggen jier lyn wie de lêste kear dat de rittekoers troch Fryslân kaam. No is de start en finish yn Fryslân. Om krekt oer tolven starte de fytsers yn Boalsert. Dêrnei geane se nei it noarden nei Frjentsjer en Harns.

Oer de stêden yn de Súdwesthoeke komme se wer yn Boalsert. Dêrnei ride se noch twa rûntses tusken Wytmarsum en Boalsert om te finishen op de âlde Rykswei yn Boalsert. De kâns op in massasprint liket grut.

Grutte favoryt is André Greipel. De Dútser wûn yn de Tour de France fjouwer etappes. Hy krijt konkurrinsje fan Demare, Modolo, Rojas, Viviani en de Nederlanners Moreno Hofland en Danny van Poppel. Favoriten foar de einoerwinning binne ûnder oare Philippe Gilbert, Greg van Avermaet, Tim Wellens en Lars Boom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)