'Snein oplossing foar gesin'

15 des 2013 - 14:43
  • Maria Bons

Der komt snein in oplossing foar de Ljouwerter frou dy't mei seis bern op strjitte stiet. Dat seit boargemaster Crone fan Ljouwert. Mem Maria wie har hûs kwytrekke en krige gjin oar plak. De mem en de bern hawwe in nacht yn dakleaze-opfang De Terp sliept, mar se koene dêr net bliuwe omdat de omstannichheden net geskikt binne foar de opfang fan bern. Dêrnei hawwe se by kunde sliept.

Boargemaster Crone seit al sûnt tongersdei dwaande te wêzen mei it finen fan in oplossing. It is allinnich dreech om op koarte termyn goed ûnderdak te finen.

Neffens Crone hoecht de mem mei de seis bern net op strjitte om te spanen, mar kin hy se dat ek net ferbiede. Boppedat hawwe se ek altyd beskikke kinnen oer jild. Crone stelt dat it giet om in húshâlding mei in soad problemen dy't troch de ynstânsjes goed yn de gaten hâlden wurdt. Snein hawwe helpferlieners en de gemeente by-inoar sitten om te sykjen nei in oplossing. Dy komt snein wol, sa fersekere Crone, mar hoe't dy der krekt út komt te sjen, wol Crone omreden fan privacy net fertelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)