Sneek: ynternasjonale alluere

15 okt 2008 - 21:07

De nije Súdwesthoekegemeente moat de namme Sneek krije. Dat fynt de Fryske wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. De gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Boalsert, Wûnseradiel en Nijefurd prate op it stuit oer sa'n grutte gemeente.

Durk van Tuinen fan VNO-NCW Fryslân fynt ek dat it gemeentehûs aanst yn Snits komme moat te stean. Van Tuinen sei dat woansdei op in kongres fan syn organisaasje yn Snits. 'Sneek' hat as namme ynternasjonale alluere, seit er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)