Snappet-app súkses op Uniaskoalle Wurdum

03 feb 2016 - 14:57
  • In juf en learling brûke de app 'Snappet'

Skoalbern fan de Uniaskoalle yn Wurdum leare better trochdat se harren oefeningen meitsje op in tablet yn stee fan yn in skrift. Dat komt oerien mei in ûndersyk dat holden is troch de Universiteit Twente en de Radboud Universiteit. Dat ûndersyk lit sjen dat basisskoalbern mei in tablet bettere resultaten helje. 

Op de Uniaskoalle meitsje de groepen 4 oant en mei 8 gebrûk fan in tablet, mei dêrop de app 'Snappet'. Dat is in app mei in hiel soad taal- en rekkenoefeningen, dy't harren automatysk oanpasse oan it nivo fan de learling.

Boppedat kinne dosinten fuortendaliks sjen hoe't de bern de oefeningen makke hawwe. Dit soarget derfoar dat masters en juffen harren lessen better oanslute litte kinne op wat de bern krekt nedich hawwe. 

Better en rapper leare

Juf Daniëlle van der Schaaf fan groep 7/8 op de Uniaskoalle is goed te sprekken oer 'Snappet'. Se fernimt dat de bern better leare trochdat se harren oefeningen fia de app meitsje. Boppedat kinne de learlingen mear oefeningen dwaan, om't se fia in tablet rapper wurkje en hast neat mear yn in skrift opskriuwe. 

Pinne en papier

Pinne en papier is op de Uniaskoalle net hielendal út 'e graasje rekke: oefeningen fan oare fakken dy't groep 7/8 op de Uniaskoalle krije, lykas fan ierdrykskunde en skiednis, wurde noch wol gewoan op de âlderwetske wize dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)