Snakeware tidiget op groei

27 mrt 2014 - 17:24
  • It nije haadkertier fan Snakeware

Software- en websitebouwer Snakeware fan Snits ferwachtet de kommende jierren te groeien fan 27 nei sa'n 40 minsken. Dat sei direkteur Ate van der Meer tongersdei by de offisjele iepening fan it nije kantoar yn de Gashouder yn Snits. Van der Meer tinkt dat de merk foar ynformaasjenetwurken noch folle grutter wurde sil.

Bedriuwen sille harren klanten hieltyd better kinne en op harren winsken ynspylje fia bygelyks smartphone en smartwatch. Dat guon minsken dêr benaud fan wurde is neffens him net nedich.

Boppedat binne de ûntjouwings net mear tsjin te hâlden. Snakeware waard yn 1995 oprjochte en hat njonken Snits ek festigings yn Amsterdam, Riga en New York.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)