Snakeware buorket foarút

30 okt 2008 - 17:52

Ynternetbedriuw Snakeware yn Snits hat gjin lêst fan de kredytkrisis. Yn it tredde fearnsjier fan 2008 is de omset fan it bedriuw mei goed 22 persint tanommen. Neffens it bedriuw is der in soad fraach nei websides dy't maklik te brûken binne. Snakeware set dy op.

Omt it bedriuw dat frij fluch foarinoar hat komme noch altyd in soad opdrachtjouwers by Snakeware telâne. Ferneamde klanten fan Snakeware binne ûnder oare boubedriuw BAM en Bakker Bart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)