Snackbar yn Ljouwert oerfallen

30 jan 2005 - 13:29

In snackbar yn de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert is freed oan it begjin fan de jûn oerfallen. In ûnbekende man bedrige twa personielsleden mei in mes. De slachtoffers joegen jild en de oerfaller naaide út. Der rekke net ien ferwûne.

De oerfaller wie in blanke man, fan in jier as achttjin. Hy hie in blau-wite pet op en in swart-wite sjaal foar de mûle. De plysje wol graach yn kontakt komme mei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)