Snackbar Kruimeltje yn Ljouwert besoarget iten op redens

06 jan 2016 - 19:14

Snackbar Kruimeltje yn Ljouwert spilet wol op in hiel bysûndere wize yn op de glêdens. De saak besoarget de frikandellen, kroketten en oare dingen woansdei allinne op redens. Troch it minne waar kin de snackbar net hiel Ljouwert fan snacks foarsjen. Der wurdt allinne besoarge by minsken dy't tichtby wenje. 

Kruimeltje soe earst hielendal net iepen, mar hat no op dizze ludike wize dochs besletten de saak iepen te dwaan. It idee kaam ta stân yn gearwurking mei de webside Thuisbezorgd.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)