Snackbar Gytsjerk 19e yn list

30 okt 2007 - 21:03

Snackpoint_De_Canterlanden yn Gytsjerk stiet op it 19de plak yn de Cafetaria top 100 fan fakblêd de Snackkoerier. Undersikers fan it blêd hawwe yn Fryslân mei-elkoar sân kafetaria´s besocht foar it meitsjen fan de top hûndert.

De Canterlanden is de heechst notearde Fryske patattinte. De_Dikke_Draai fan Surhústerfean stiet 28ste, plaza ´t Kruuspunt yn Ballum is de hekkesluter fan de Cafetaria top 100.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)